Enerzjyk Skûlenboarch

Wolkom

Wolkom op de website fan Enerzjyk Skûlenboarch BV. Op dizze website fine jo ynformaasje oer de werûntwikkeling fan de sânwinplasse by it doarp Skûlenboarch. De sânwinning komt yn septimber 2020 ta in ein. It is de bedoeling om yn 2021/2022 te begjinnen mei de werûntwikkeling fan it gebiet. Ynstee fan sân sil der enerzjy wûn wurde, troch it oanlizzen fan in driuwend sinnepark. De rânesône fan de sânwinplasse wurdt in plak foar rekreaasje en natoer. Teminsten, dat is de bedoeling. De plannen binne noch folop yn ûntwikkeling.

Wolle jo mear witte as meidwaan? Ha jo ideeën foar de werûntwikkeling? Sjoch om jo hinne op dizze website en nim, as jo dat wolle, kontakt mei ús op.

Fersûpingsgefaar

Der binne wer swimmers sjoen yn de sânwinplasse, ta hichte fan it gemaal. Driuwende oprop: Doch it net!! It wetter befettet gefaarlike kâlde ûnderstreamingen. It terrein is op dit stuit ôfsluten. Dat betsjut dat swimmers ek gjin help fan tredden ferwachtsje kinne. Swimmen yn de plasse kin, mar doch dat allinnich by it rekreaasjestrân. De plysje is frege om op waarme dagen in ekstra eachje yn it seil te hâlden en op te treden tsjin yllegale swimmers.

Ofsluting fan de rânen

It gebiet om de sânwinplasse hinne is priveegebiet en bliuwt foarearst ferbean om te kommen. Enerzjyk Skûlenboarch is fan doel om dit gebiet te ûntwikkeljen en dan tagonklik te meitsjen foar kuierders, natuerleafhawwers en rekreanten. Sa lang’t dizze ûntwikkeling net ôfrûn is (en de feiligens net garandearre), bliuwt it terrein ferbean om te kommen. De hekwurken binne koartlyn hersteld, der binne ferbeansboerdsjes delsetten en oan de noardkant is in ekstra obstakel delsetten om motorkrossers tsjin te hâlden om dêr hinne te gean.

Resint nijs