Untwerp-omjouwingsfergunning ta ynsjen

Geplaatst: 7 april 2021
Untwerp-omjouwingsfergunning ta ynsjen

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Tytsjerksteradiel hawwe de (ûntwerp) omjouwingsfergunning en byhearrende (ûntwerp) ferklearrring fan gjin betinkingen ta ynsjen lein. Yn de perioade fan 1 april 2021 oant en mei tongersdei 12 maaie 2021 binne alle dokuminten yn relaasje ta de oanlis fan it driuwend sinnepark en de werynrjochting fan de rânen te rieplachtsjen. Oant de termyn om de stikken te besjen, kin eltsenien skriftlik of mûnling in fisy yntsjinje. Dit kin troch tillefoanysk kontakt op te nimmen mei de baly Bouwen en Wenjen fan de gemeente Tytsjerksteradiel of fia it emailadres: [email protected].

NB: de winsk fan in tal riedsfraksjes fan de gemeente Achtkarspelen om mear rekreanten binnen en om de eardere sanwinplasse hinne oan te lûken, makket gjin diel út fan de omjouwingsfergunning dy’t ta ynsjen lein is. It stiet de terreineigner ek frij om al dan net mei te wurkjen oan soksoarte riedsinisjativen. De terreineigner makket him hurd foar in goeie balâns tusken natuer en rekreaasje, sa as no yn de plannen foarmjûn is. Boppedat wurde nije ûntwikkelingen yn de takomst earst mei de direkte wenomjouwing en de belutsen doarpen ôfstimd.