
Enerzjyk
Skûlenboarch
Flora en fauna
Enerzjyk Skûlenboarch BV hat BügelHajema Adviseurs BV opdracht jûn foar it útfieren fan in breed ekologysk ûndersyk. Dêrby binne net allinne de hjoeddeiske natoerwearden yn kaart brocht, mar is der ek sjoen nei de potinsje fan it gebiet foar de ûntwikkeling fan nije natoer. De earste faze fan it ûndersyk is klear. Yn de neisimmer fynt de lêste faze plak. Hokker soarten der oantroffen binne, sjogge jo hjir. Oan dizze side sil mei de tiid it komplete natoerrapport tafoege wurde.
De neifolgjende foto’s jouwe (bysûndere) soarten wer dy’t yn it gebiet oantroffen binne. Sjoch plannen voor de toekomst hoe’t der mei dizze en oare natoerwearden omgien wurdt en wat der oan nije natoer makke wurdt.
Haverine
Te finen oan de westkant

Sint-Janskrûd
Te finen oan de westkant

Gersstjer
Te finen op de súdkant

Hjersttonge
Te finen op de súdkant

IIsfûgel
Te finen oan de súdkant

Skiere swel
Te finen oan de eastkant

Lytse dûkein
Oerwinteret op’e plasse

Lytse flearmûs
Te finen op alle kanten om de plasse hin
