Enerzjyk Skûlenboarch

Plannen foar de takomst

In ûntwerp yn lagen

Der is in lânskiplik ûntwerp opsteld. Dit ûntwerp bestiet út ferskate ‘lagen’:

  • Enerzjy: de oanlis fan in driuwend sinnepark mei in omfang fan 20-25 hektare (NB: de plasse hat in omfang fan ûngefear 50 hektare).

  • Rekreaasje: it benutten fan de rekreative potinsje troch it oanlizzen fan in kuierpaad om de plasse hinne (ynklúsyf oansluting by Binnefiet-paad) in MTB-track en fiskgelegenheden oan de noardkant, in útsjochpunt oan de eastkant, in bootcampsirkwy by it rekreaasjestrantsje (y.o.m. gemeente Achtkarspelen) en in fûgelsjochpunt oan de súdkant

  • Ekology: it kreëarjen van reidwâlen oan de noardkant, heideskrale greide oan de east en westkant, in klif foar skiere swellen en geskikte talúds foar wylde bijen oan de eastkant, it fergrutsjen fan biodiversiteit fan it ‘heuvelbosk’ oan de súd(west)kant it ûntsjen fan weardefolle natoer oan súd en westkant en behâld fan genôch foerazjeargebiet op en om de plasse hinne foar flearmûzen en fûgels.

  • Lânskip: it sichtber meitsjen fan de âlde kavelstruktuer troch driuwende reideilannen oan de súdkant en it kreëarjen fan in beammeleane oan de eastkant, it oanlizzen fan bosk en strewiel oan de (noard)eastkant, it meitsjen fan in ferbining mei it Binnefiet-paad en de pingo ruïne oan de súdkant.

Hoe sil it sinnepark der útsjen? 

Modulêr en ekologysk ferantwurde

Hjirneist is in yllústraasje opnommen fan it type sinnepark dat de inisjatyfnimmers foar eagen ha. It sinnepark sil bestean út ferskate ‘modules’ dy’t apart ûngefear 1,4 hektare grut binne. De modules binne opboud út meardere ‘boaten’ dy’t oan elkoar ferbûn binne en op it plak hâlden wurde troch (in fertikale) boaiemferankering. De hichte fan de panielen boppe de wetteroerflakte bedraacht ûngefear 95 sm.

It sinnepark sels bestiet út saneamde ‘glês-glês panielen’. Dit type sinnepanielen litte (safolle mooglik) ljocht troch. Der komme ek ljochtstrjitten binnen de modules. Dêrmei kin sinneljocht oant de wetteroerflakte en de djippere lagen fan de plasse berikke. Oan de ûnderkant fan de panielen wurde de elektrisiteitskabels fêstmakke.

De omfoarmers en transformators binne folslein yntegrearre binnen it driuwende sinnepark, sadat hjirfoar gjin romte frijmakke hoecht te wurden op de oangrinzjende wâlen. Yn kombinaasje mei de boaiemferankering betsjut dit dat de wâl en de oangrinzjende stripe van ûngefear 30 m hielendal frijwarre bliuwt fan bouwurken en/of bekabeling. Allinne foar de netoansluting wurdt in ferbining mei de wâl makke. Dizze oansluting en it byhearrende ynkeapstasjon komme nei alle gedachten op of neiby it braaklizzende yndustrykavel oan de noardwestkant fan it sinnepark te lizzen. Dizze kavel is eigendom fan Enerzjyk Skûlenboarch BV.

Duorsume enerzjy

Grutte opjeften

Wêrom duorsum meitsje?

In het Energieakkoord voor duurzame groei (2013) is overeengekomen dat in 2020 van al het energieverbruik in Nederland 14% afkomstig moet zijn van hernieuwbare bronnen. Voor 2023 ligt dat aandeel op 16%. Dit is noodzakelijk om de uitstoot van broeikasgassen en daarmee de gevolgen van klimaatverandering te beperken. In het VN-klimaatakkoord van Parijs (2015) is vastgelegd dat de opwarming van de aarde met maximaal 1,5-2 graden Celsius mag stijgen ten opzichte van het pre-industriële tijdperk. Om dat te kunnen bereiken moeten de Europese broeikasgasemissies in 2050 met 80-95% zijn gereduceerd ten opzichte van het peiljaar 1990.

De Nederlandse regering heeft de doelstellingen van Parijs onder meer vertaald in het Klimaatakkoord. Hieruit blijkt dat er in 2030 84 Terawattuur (TWh) aan hernieuwbare elektriciteit moet worden opgewekt, waarvan 35 TWh op land. Ter vergelijking: een TWh komt overeen met het totale jaarlijkse elektriciteitsgebruik in een stad als Den Bosch.


Wat is de opjefte foar Fryslân?

Nederlân is yndield yn tritich enerzjyregio’s. De provinsje Fryslân is dêr ien fan. Binnen de regio’s wurkje oerheden, ynwenners, bedriuwslibben, netbehearders, enerzjykoöperaasjes en maatskiplike organisaasjes gear oan in enerzjy-omslach. Harren ôfspraken lizze se fêst yn in Regionale Energiestrategie (RES). De konsept-RES foar Fryslân is hjir te downloaden. Dêrút docht bliken dat de provinsje Fryslân teminsten 2,3 TWh oan duorsume enerzjy op lân produsearje wol.


Duorsumheidsfizy Achtkarspelen / Tytsjerksteradiel

 De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel wolle yn 2020 in Duorsumheidsfisy en Transysjefisy Waarmte opstelle. Yn dat ramt is in enkête hâlden ûnder ynwenners fan beide gemeenten. De útkomsten fan de enkête binne hjir te finen. De mearderheid fan de minsken dy’t de enkête ynfold ha, stiet neutraal oant posityf tsjin de komst fan sinneparken oer, en dizze groep is grutter as boargers der daliks fan meiprofitearje kinne.

Op dit momint wurdt der 1150 Terajoule (TJ) oan elektrisiteit yn de gemeenten Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen ferbrûkt. Hiel globaal jildt dat de doarpen Droegeham, Eastermar, Jistrum en Skûlenboarch mei elkoar ûngefear 7 MWh oan elektrisiteit ferbrûke. As de waarmtefraach omsetten wurdt nei elektrisiteit en hjirby opteld wurdt, dan is der yn de takomst foar dizze doarpen ûngefear 70 MWh nedich. Mei it sinnepark kin maksimaal 35-45 MWh opwekt wurde. Dêrmei kin dus foar ûngefear de helte yn de totale enerzjybehoefte fan de húshâldingen yn de fjouwer doarpen foarsjoen wurde.

Kuiergebiet

Rûntsje plasse

Kuierpaad

De kwetsbere natoer oan de súd en westkant wurdt hjirby mijd. It ‘rûntsje plasse’ duorret ûngefear in oere en fiert lâns ûnderskate lânskipstypes: bosk, heideskrale greiden, rekreaasjegebieten, yndustry en iepen wetter.

Oan de eastkant wurdt in útsjochpunt oer it driuwende sinnepark kreëarre en oan de súdkant in fûgelútsjochpunt.

It ‘rûntsje plasse’ makket meardere funksjes wier. Der is ferlet fan kuiergebiet. Hoewol it terrein no net troch tredden brûkt wurde mei, wurdt der in protte kuiere. Dizze kuierders kinne yn de takomst bydrage oan de sosjale kontrôle om de plasse hinne. Op dit momint binne der in protte plakken dêr’t in bytsje of gjin tafersjoch is en dêr’t geregeld yllegale of kriminele aktiviteiten plakfine. It rûntsje plasse kin helpe om dit tsjin te gean. Fierder lient de kuierrûte him goed foar edukative doelen. Lâns it rûntsje kin- bygelyks troch it brûken fan QR koades en buorden- de histoarje fan it gebiet en it ferhaal fan de enerzjytransysje ferteld wurde. Ek kin de kuierder opmerksum makke wurde op de pleatslike flora en fauna. In keppeling mei de lokale folksferhalen fan Dam Jaarsma is ek goed mooglik.

Rekreaasje en sport

Romte foar elkenien

Oan it rekreaasjestrantsje yn de súdwesthoeke wurdt yn oerlis mei de gemeente Achtkarspelen sa mooglik in bootcampsirkwy tafoege. De noardlike râne krijt in MTB singletrackbaan, inkele moaie plakken om te fiskjen en in fisksteiger (geskikt foar minderfaliden) Fierder komt der oan de súdkant in fûgelsjochpunt. Lâns it ‘rûntsje plasse’(kuiertocht fan in oere) kinne de natoerwearden fan it gebiet folop belibben wurde. It sinnepark wurdt sichtber en tagonklik makke fia it útsjochpunt oan de eastkant fan de sânwinplasse.

Romte foar natuer

Mear biodiversiteit

 Enerzjyk Skûlenboarch BV hat BügelHajema Adviseurs BV opdracht jûn foar it útfieren fan in breed ekologysk ûndersyk. Dêrby binne net allinne de hjoeddeiske natoerwearden yn kaart brocht, mar is der ek sjoen nei de potinsje fan it gebiet foar de ûntwikkeling fan nije natoer. De earste faze fan it ûndersyk is klear. Yn de neisimmer fynt de lêste faze plak. Hokker soarten der oantroffen binne, sjogge jo hjir. Oan dizze side sil mei de tiid it komplete natoerrapport tafoege wurde.


‘Heideskrale greide’

Oan de east en westkant wurdt it areaal ‘heideskrale greide’ konservearre as útwreide. It giet hjir om in miljeu mei itenskrapte, dat in ideaal biotoop foarmet foar bepaalde, seldsume plantesoarten. Yn it ferline binne op it plak fan de ‘skrale’ wâl oan de westkant bygelyks wyterfke, heideflaeks en pilfearke oantroffen. De hoop is dat sokke seldsumheden hjir weromkomme of fermannichfâldigje


Skiere swellen/ wylde bijen

Oan de eastkant komt in klif foar skiere swellen. Fierder wurdt it wâltalúd oan dizze kant fan de sânwinplasse safolle mooglik geskikt makke foar wylde bijen. Dit bart troch it oanbringen fan steilrânen.


Heuvelbosk

Der wurde mear lagen oanbrocht yn it ‘heuvelbosk’oan de súd en westkant fan de sânwinplasse. Op dit momint is der mar in bytsje ûndergroei yn dit bosk, wêrtroch de natoerwearde beheind is. Troch doelbewust iepeningen foar ljocht te kreëarjen, kin de winske ûndergroei ûntstean en it bosk ôfwikseljender wurde. Foaral troch de pleatslike hichteferskillen – drûch/wiet, sinne/skaad wikselje elkoar ôf- is der potinsje foar natoerûntwikkeling. Net allinne planten, mar ek fûgels, ynsekten en sûchdieren kinne hjirfan profitearje. Mei útsûndering fan it fûgelsjochpunt wurdt der gjin rekreaasje yn dit gebiet mooglik makke. It kuierpaad leit hjir oan de bûtekant. Sa ûntstiet in oaniensletten rêstgebiet.


(ûnder)wetterlibben

 Ek de sânwinplasse sels is en bliuwt fan belang foar de natoer. It giet dan benammen om de ûndjippere dielen fan de plasse, wêr’t noch plantegroei oanwêzich is. Fierder kin de plasse yn de winter as sliepplak brûkt wurde troch bygelyks guozzen en einen. Yn it lânskiplik ûntwerp is útgien fan it folgjende:

  • It sinnepark komt op grutte ôfstân út de wâlen te lizzen, sadat de ûndjippere dielen sparre bliuwe en beskikber bliuwe as foerazjeargebiet foar flearmûzen en (reid)fûgels.

  • It sinnepark beslacht mar in part fan it wetteroerflak, sadat guozzen/einen en oare fûgelsoarten genôch romte oerhâlde om der te sliepen en iten te sykjen.

  • Foar it sinnepark wurdt boaiemferankering (y.p.f. de gebrûklike wâlferankering) tapast sadat de wâlsône folslein frij bliuwt foar soarten dy’t hjir gebrûk fan meitsje.

It sinnepark sil boud wurde mei tapassing fan ‘glês-glês panielen’, dy’t safolle mooglik sinneljocht trochlitte en tsjinhâlde dat der, troch boppemjittich skaad, soerstofferearming optreedt. Ek sille der ljochtstrjitten tusken de driuwers komme, dy’t der foar soargje dat sinneljocht yn it wetter trochkringt. It sinnepark kin ek direkt bydrage oan ferbettering fan de ekologyske kondysjes bygelyks troch ‘biohutten’ oan de panielen te befestigjen. It giet hjir om flochten kuorren dy’t troch fisken benut wurde kinne as ‘kreamkeamers’. Ek de driuwende reideilannen kinne helpe de biodiversiteit fan de plasse te ferbreedzjen trochdat hjir mylde plakken ûntstean wêr’t wetterplanten en algen groeie kinne en bygelyks hjerringslynders en markols briede kinne.

Sportfiskerij

Meardere moaie fiskplakken yn de reidsône

De sânwinplasse stiet by pleatslike sportfiskers bekend om syn rôffisk. Op dit momint kin der net legaal fiske wurde. Enerzjyk Skûlenboarch BV wol de noardkant fan de plasse iepenstelle foar sportfiskers. Hjir wurde meardere moaie fiskplakken yn de reidsône kreëarre . ek komt der in fisksteiger dy’t tagonklik is foar minderfaliden. De konkrete útwurking fan dizze fiskgelegenheden bart yn oparbeidzjen mei Hengelsportvereniging De Rietvoorn.

Takomstich behear

Noed stean foar it ûnderhâld fan it sinnepark en de rânesône

Der wurdt in behearsmaatskippij oprjochte dy’t noed stiet foar it ûnderhâld fan it sinnepark en de rânesône. Dizze behearsmaatskippij hâldt it sinnepark skjin en draaiende. Ek stelt sy jierliks in bedrach beskikber foar it ûnderhâld fan de rekreative foarsjenningen en natoer yn de rânesône. It ûnderhâldswurk wurdt safolle mooglik útfierd troch lokale bedriuwen en sa mooglik oanstjoerd út de oanbelangjende ferieningen fan doarpsbelang en enerzjykoöperaasjes wei.