Enerzjyk
Skûlenboarch

Hjoeddeiske sitewaasje

Lêste ôfgraving

Der wurdt noch oant septimber 2020 sân sûge yn de plasse by Skûlenboarch. De lêste ôfgraving fynt oan de eastkant plak, parallel oan de Westerein. Dêrnei wurdt de sânwinplasse oplevere oan Enerzjyk Skûlenboarch BV. Dit bart neffens it Eindplan dat ûnderdiel is fan de ‘ontgrondingsvergunning’. Yn it ramt fan de oplevering fynt ek in stabiliteitsûndersyk plak. Ofbrokkeljen fan wâlen wurdt sa tefoaren kommen. It Eindplan foarmet de basis foar in lânskiplik ûntwerp dat troch Enerzjyk Skûlenboarch BV foar de sânwinplasse en rânesône opsteld is. Wat moai is, dat bliuwt. Wat better kin, wurdt oanpast yn it nije ûntwerp. Dit bart yn oerlis mei de gemeente, provinsje, omwenners/brûkers fan it gebiet.

Besjoch it einplan

Bestimmingsplan

Noard en súd

De sânwinplasse is bestimd as ‘Bedriuw – Sânwinning’. Foar de rânesône jildt in grienbestimming. De súdlike râne is tagelyk bestimd as ‘Lieding – Gas’ fanwege de pleatslike oanwêzige ierdgastransportlieding. It strantsje oan de súdeastkant hat de bestimming ‘Rekreaasje-2’. Ungefear trijekwart fan de sânwinplasse en rânesône leit binnen de lûdsône fan yndustryterrein Skûlenboarch en/of Westkern. Beide lûdsônes falle gear mei it sykgebiet foar it driuwende sinnepark.

Der jilde op dit momint twa bestimmingsplannen foar de sânwinplasse, ien foar it súdlik part dat yn de gemeente Tytsjerksteradiel leit en ien foar it noardlik part dat ûnderdiel is fan de gemeente Achtkarspelen. Beide bestimmingsplannen binne te rieplachtsjen via www.ruimtelijkeplannen.nl. Ek nei it ferlienen fan de omjouwingsfergunningen foar de werûntwikkelingen fan de sânwinplasse en rânesône bliuwe de hjoeddeiske bestimmingsplannen hielendal jildich. De werûntwikkeling mei gjin beheining foarmje foar de bedriuweterreinen Skûlenboarch en Westkern.