Oer ús

Enerzjyk Skûlenboarch.

David de Boer en Jan Clots binne de inisjatyfnimmers fan Enerzjyk Skûlenboarch. Sy binne de eigners fan +PEIL, in buro foar arsjitektuer en stêdebou dat fêstige is yn de stêd Grins. Fanút harren bedriuw advisearje sy partikulieren, bedriuwen en oerheidsynstellingen by romtlike ûntwikkelingen. Harren ûnderfining wolle sy ynsette om de transformaasje fan de hjoeddeistige sânwinplasse ta in sukses te meitsjen.

David en Jan ha foar Enerzjyk Skûlenboarch dus net allinne in rol om paadwiis te meitsjen, mar ek in advisearjende rol. Foar alle projekten wêryn’t sy rie jouwe, stiet romtlike kwaliteit en leefberens foarop. Sa ek foar de ûntwikkeling fan Enerzjyk Skûlenboarch. Se sjogge der op ta dat it plan lânskiplik goed ynpast wurdt. It is harren yntinsje net allinne de yndustriële funksje fan it gebiet te benutten mar ek yndie wat oan it gebiet en har ynwenners werom te jaan yn de foarm fan ferriking fan natoer en it mooglik meitsjen fan ferskate foarmen fan rekreaasje.

Om al dizze plannen mooglik te meitsjen ha David en Jan harren mei twa ek noardlike ynvestearders ferienige yn Enerzjyk Skûlenboarch BV. It is harren mienskiplik belang en ferantwurdlikens om in duorsum projekt te realisearjen. In projekt wêrby’t de belangen fan belutsenen en bewenners ek echt telle. In projekt dêr’t se grutsk op wêze wolle en kinne!

Nim kontakt op

Gearstalling fan it bestjoer

David de Boer en Jan Clots binne de inisjatyfnimmers fan Enerzjyk Skûlenboarch. Sy binne de eigners fan +PEIL, in buro foar arsjitektuer en stêdebou dat fêstige is yn de stêd Grins. Fanút harren bedriuw advisearje sy partikulieren, bedriuwen en oerheidsynstellingen by romtlike ûntwikkelingen. Harren ûnderfining wolle sy ynsette om de transformaasje fan de hjoeddeistige sânwinplasse ta in sukses te meitsjen.


FunksjeNamme
BehearderDurk Merkus