Ferklearring fan gjin betinkingen (FFGB) ôfjûn

Geplaatst: 30 maart 2021
Ferklearring fan gjin betinkingen (FFGB) ôfjûn

Op 25 maart 2021 hat de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel in (ûntwerp)ferklearring fan gjin betinkingen (FFGB) ôfjûn. Nei in stimronde waard unanym troch de fraksjes besleatten dat der meiwurking ferliend wurdt oan de ûntwikkeling fan de sânwinplasse.

Eearder hie de gemeenteried fan Achtkarspelen (op 12 maart 2021) al in posityf advys jûn. De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel wurdearret de yntegrale gebietsoanpak (enerzjy, natuer, lânskip én rekreaasje), de oansjenlike bydrage dy’t it sinnepark oan har duorsumensdoelstellingen leveret, de wize wêrop’t de gemeentelike en provinsjale sinneledder tapast is, de grutte belutsenens fan boargers en lokale partijen, de mooglikheden foar lokaal eigendom en de beëage romtlike kwaliteit fan it gebiet.

De riedsgearkomste is hjir werom te sjen. De FFGB en oare stikken fan de riedsgearkomste kinne jo fia deselde link downloade. No’t de FFGB ôfjûn is, sil de ûntwerp-omjouwingsfergunning fanôf 1 april 2021 foar seis wiken ta ynsjen lein wurde.