Digitale gearkomste

Geplaatst: 24 november 2020
Digitale gearkomste

Op 17 novimber is mei fertsjintwurdigers fan de doarpen Koatstertille, Jistrum, Eastermar en Drûgeham sprutsen oer de oanfrege omjouwingsfergunning. Dêrneist binne de lêste plannen oangeande de romtlike ynrjochting, it behear en it tafersjoch besprutsen. As lêste hat Enerzjyk Skûlenboarch BV de haadlinen fan in mei it befoechd gesach te sluten ‘mearweardeoerienkomst’ taljochten. Yn dizze oerienkomst wurde yn alle gefallen twa saken fêstlein:

A. de ynrjochting, it behear en it iepenstellen fan de rânen fan de sânwinplasse (foar 30 jier);
B. de mooglikheden foar de doarpen om te partisipearjen yn it driuwend sinnepark.

Men stribbet nei lokaal eigendom (50% of mear) en it brûken fan de postkoaderoasregeling (rjochte op yndividuele doarpsbewenners). As de doarpen hjir gjin brûk fan meitsje wolle, dan stiet in gebietsfûns der noed foar dat in diel fan de fertsjinsten noch yn de regio bliuwt.