Enerzjyk
Skûlenboarch

Projektdoelstellingen

Enerzjyk Skûlenboarch is in gearwurkingsferbân fan fjouwer noardlike ûndernimmers. Doelstelling fan de BV is de werûntwikkeling fan de sânwinplasse (sawol wetter as rânesône) by it doarp Skûlenboarch. Enerzjyk Skûlenboarch BV wurket hjirfoar gear mei omwenners, enerzjykoöperaasjes, bedriuwen, sportfiskers en in protte oaren. De ekonomyske moter fan de werûntwikkeling is it oanlizzen fan in driuwend sinnepark. In part fan de opbringsten fan it sinnepark wurdt werynvestearre yn deirekreative foarsjenningen,de ferbreding fan de biodiversiteit en de lânskiplike ynpassing fan it sinnepark. Utgongspunt is dat it sinnepark nei realisaasje foar in part of yn syn gehiel yn eigendom komme sil fan ien as mear lokale enerzjykoöperaasjes, sadat in part fan de fertsjinsten yn de regio bliuwt. Dêrby wurdt, konform it nasjonale Klimaatakkoord en de Friese ZonneWIJzer fan de Friese Milieufederatie, stribbe nei in evenredige ferdieling fan lusten en lesten.