Enerzjyk
Skûlenboarch

Skiednis sânwinplasse: ôfgroeven kûlizelânskip

Begjin santiger jierren is mei de sânôfgraving by Skûlenboarch begûn. Tsien jier earder is it Prinses Margrietkanaal/Knillesdjip ferbrede en is in begjin makke mei it oanlizzen fan it pleatslike yndustryterrein. Yn de earste twa desennia waard der allinne sân sûge yn it part fan de plasse dat rjochtstreeks oan de súdkant fan it yndustryterrein grinzet en ûnderdiel is fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Fan de njoggentiger jierren ôf waard begûn mei de ôfgraving fan it noardlike part, dat op it grûngebiet fan de gemeente Achtkarspelen leit. Yn 2014 binne beide parten mei elkoar ferbûn. In jier letter is it rekreaasjestrantsje oan de súdeastkant oanlein. Dit strantsje is eigendom fan de gemeente Achtkarspelen.

In blik op de histoaryske kaarten leart dat der op it plak fan de sânwinplasse ea in moai kûlizelânskip lei. Tekenjend foar dit lânskipstype is in opstrekkende ferkaveling (lange, smelle perselen), houtwâlen, dykswâlen mei elzen op de perseelgrinzen en de oanwêzichheid fan pingo’s en poelen. It kontrast mei de sânwinplasse kin hast net grutter wêze: de lytsskaligens en griene beslettenheid hat plak makke foar in grutte iepen romte fan tsjin de 50 hektare. Dochs is der ek in bepaalde gearhing tusken ferline en hjoed de dei. It kûlizelânskip fan de Noardlike Fryske Wâlden tanket har bestean en ynrjochting ek oan de systematyske feanôfgravingen dy’t der fan de Midsiuwen ôf plakfûnen. Hoewol fan in hiel oare oarder, jildt dat ek foar it ûntstean fan de sânwinplasse. Dêr docht allinne it grien yn de rânesône noch tinken oan it kûlizelânskip dat der ea oanwêzich wie. Yn it lânskiplike ûntwerp foar de sânwinplasse wurdt besocht om mei inkele driuwende eilannen it âlde lânskip wer lêsber te meitsjen.

Op de ûndersteande kaarten fan Topotijdreis.nl is de histoarje fan de sânwinplasse sichtber makke.

Tiidbalke

1950

Kûlizelânskip

1970

Start ôfgraving súdlik part

1982

Fuortgong ôfgraving súdlik part

1993

Start ôfgraving noardlik part

2000

Fuortgong ôfgraving noardlik part

2013

Noardlik en súdlik part noch skieden