Strânbyienkomst

Geplaatst: 2 september 2020
Strânbyienkomst

Op woansdei 2 septimber is de strângearkomste organisearre. Under dizze gearkomste binne ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel foarljochte oer de plannen foar de werûntwikkeling fan de sânwinplasse. Fia inkele muorrepanielen, in filmke en in makette binne besikers ynformearre oer it oanlizzen fan it sinnepark, de nije rekreaasjemooglikheden en de ûntwikkeling fan natoerwearden. Der koenen fragen steld wurde oan de eigners fan Enerzjyk Skûlenboarch BV, wêr’t in protte gebrûk fan makke is. Ek de oanbelangjende Doarpskoöperaasje Enerzjyk Eastermar en Energie Coöperatie De Sinneskeppers’ wiene oanwêzich om ta te ljochtsjen hoe’t belangstellenden partisipearje kinne yn it sinnepark. De gearkomste ferrûn yn in positive sfear. Der binne troch ferskate dielnimmers konkrete suggestjes dien foar de takomstige ynrjochting en it behear fan de sânwinplasse. Dizze wurde meinommen by de útwurking fan de hjoeddeistige plannen. De strângearkomste wie yn ferbân mei de koroanamaatregels ûnderferdield yn fjouwer tiden en luts yn totaal sa’n 80 besikers.