Byienkomst Kootstertille

Geplaatst: 30 juni 2020
Byienkomst Kootstertille

Enerzjyk Skûlenboarch BV wurket gear mei Doarpsbelang Eastermar, Doarpskoöperaasje Enerzjyk Eastermar, Doarpsbelang Jistrum-Skûlenboarch, Energie Coöperatie ‘De Sinneskeppers’, Pleatslik Belang Droegeham en Pleatslik Belang Koatstertille. Op 30 juny ha fertsjintwurdigers fan dizze  partijen inoar moete yn it Tillehûs yn Koatstertille. Dêrby is de yntinsje útsprutsen dat der mei elkoar in gearwurkingsferbân oangien wurdt foar de ûntwikkeling fan in driuwend sinnepark. It stribjen is in sinnepark te bouwen dy’t foar in part of yn syn gehiel yn lokaal eigendom komt. Yn de kommende moannen sil oan de gearwurking fierder foarm en ynhâld jûn wurde.